Bij de Afûk werken uitsluitend gediplomeerde docenten die het volledige traject tot docent bij de Afûk hebben afgelegd of een studie tot leraar Fries aan de NHL of universiteit in Groningen hebben gevolgd. Zij maken tijdens en buiten de lessen gebruik van het nieuwste lesmateriaal en recent ontwikkelde digitale systemen.


 

In tal fan ús lesjouwers fertelle op dizze side wa’t sy binne en wêrom’t sy lesjouwer wurden binne.


 

Dora Huisman Dora Huisman

Ik wenje tegearre mei myn man yn Burgum.  Ik bin berne yn Makkum. Wy praten thús wol Frysk, mar it lêzen en skriuwen haw ik pas leard doe’t ús dochters lyts wiene. De ambysje om sels ek les te jaan hie ik doe noch net, mar ik waard dêryn stimulearre troch de lesjouwers fan doe. Ik bin bliid dat ik doe trochsetten haw, want ik fyn it prachtich wurk.

Lês mear

Meastentiids jou ik kursussen foar net-Frysktaligen. It is alle kearen wer in aardichheid om de kursisten sa fier te bringen dat se it Frysk om har hinne ferstean kinne. Der giet dan faak in wrâld foar har iepen. Om it Frysk te praten, moatte de kursisten faak in drompel oer en dêrom fyn ik it wichtich dat der in noflike sfear yn de groep is, sadat elk har frij fielt om flaters te meitsjen. It moaie fan sa’n mûnlinge kursus is dat sawol de lesjouwer as de kursisten, mei elk har eigen ynteresses en eftergrûnen, neist it Frysk ek noch oare dingen fan elkoar leare kinne. It is sels in kear foarkommen dat in kursist in oare kursist oan wurk holpen hat.

Neist it lesjaan mei ik sels ek graach in kursus folgje en dan benammen op it mêd fan taal sa as lietsje, gedichten en stikjes skriuwe. Fierder mei ik graach lêze en nifelje. Simmers fyn ik it moai om yn de tún te wurkjen en dan geane we wol gauris mei de fyts of mei de kano derop út.


Roelie GreidanusRoelie Greidanus - foto

Sûnt 2006 jou ik Fryske les. Ik haw yn al dy jierren alle kursussen al wol in kear jûn: foar net-Frysktaligen, praatkursussen of staveringskursussen. En yn in soad ferskillende plakken: op de souder fan it Gysbert Japikshûs yn Boalsert, oan de stamtafel yn it doarpshûs fan Achlum, yn skoallen yn Snits en yn Ljouwert en yn in hotel yn Warkum.

Lês mear

Ik fyn de sfear yn de groep wichtich. It is altyd bysûnder om te sjen hoe’t minsken dy’t elkoar net kenne al hiel gau elkoar helpe; dat se ferhalen diele en dat se in bân mei-elkoar krije. It is moai datst dat as lesjouwer meimakkest. Dat stimulearret ek om dermei troch te gean.

Neist it lesjaan bin ik aktiviteitebegeliedster, by minsken thús en yn in ferpleechhûs. Ik jou rûnliedingen yn myn wenplak Achlum en ik mei graach fotografearje.

It allermoaiste fyn ik de Sinteklaasfieringen yn de groepen. Foar 2 euro in lyts kadootsje helje en foaral… in gedicht skriuwe. Prachtich wat elkenien dan betinkt!


 

Ruurdtsje Poortinga-de Haan Ruurdtsje Poortinge-de Haan

Ik wenje yn Boerum, dêr’t myn man en ik it doarpshûs beheare. Nei myn stúdzje MA Fryske Taal en Literatuer yn Grins, dy’t ik yn 2012 ôfsleat, bin ik lesjouwer by de Afûk wurden, om’t ik graach wat fan myn opdiene kennis trochjaan wol oan minsken dy’t har foar de Fryske taal ynteressearje.

Lês mear

Neist it lesjaan is der it wurk en de drokte fan it doarpshûs en fierder piel ik noch wat om mei it skriuwen en dichtsjen yn it Frysk op http://kidelkollum.blogspot.nl. Oant no ta haw ik kursussen Lear mar Frysk jûn oan net-Frysktaligen, mar skriuwkursussen jaan soe ik ek moai fine. Salang’t it mar foar minsken is dy’t niget hawwe oan de Fryske kultuer.

It moaiste wat ik meimakke ha, wie by in kursus dêr’t net-Friezen it Frysk learden te praten. Foardat ien fan de lêste lessen begûn, kamen der in stik as trije kursisten yn, dy’t mei-inoar begûnen te praten. “Hea,” sei der ynienen ien tsjin de oare twa, “fernimme jimme wol dat wy al yn it Frysk oan it praten binne? Ik hie der gjiniens erch yn!”


Aant MulderAant Mulder

Ik bin hikke en tein yn Poppenwier, in doarpke yn de Lege Geaën. Sûnt 1973 wenje we yn Balk en dat betsjut dat ik my sa stadichoan aardich Gasterlanner fiel.

Lykas in protte oaren haw ik it ferstean en praten fan it Frysk oan ús heit en mem te tankjen. It lêzen haw ik mysels oanleard en it skriuwen net.  Ik ha ta skoalmaster leard en dat haw ik mei nocht en wille oan myn pensjoen ta west, earst master en letter haad fan ’e skoalle en direkteur.

Lês mear

Doe’t ik yn Balk skoalmaster waard, woe ik mei de bern en de âlden yn it Frysk oer ûnderwiis prate en skriuwe kinne. Dat foel net ta. It wie tagelyk de tiid dat it like dat it Frysk der op de basisskoalle ta dwaan soe.

Dat wiene foar my likefolle reden om stúdzje fan it Frysk te meitsjen. Ik haw doe earst de LU-akte Frysk en letter de MU-akte helle. Wat ik leard hie, koe ik yn myn wurk goed brûke, mar ik woe der tagelyk wol mear mei dwaan.

Dat binne Afûk-kursussen wurden en dêr bin ik eins wol wat oan ferslingere rekke. Der binne net folle kursussen dy’t ik net jûn ha. Dan tink ik oan Frysk foar net-Frysktaligen, likegoed as oan de B en C-kursussen. En dat al sûnt 1982 en eins alle jierren weroan. Dat komt om’t ik aardichheid oan it Frysk ha, mar it komt noch mear om’t ik hieltyd wer opnij wat betsjutte kin foar fantastysk motivearre minsken dy’t wat mear mei it Frysk wolle.


Renske van der Meer-Pasmarenske van der Meer - foto

Ik wenje mei myn man en trije bern yn Mantgum.  De Fryske taal waard my mei de brijleppel yngetten. Omdat ik it wichtich fûn om myn memmetaal goed skriuwe te kinnen, bin ik begûn mei it folgjen fan de kursussen by de Afûk.  Ik wie doe al wurksum yn it basisûnderwiis en it wie dan ek in logyske stap om nei it heljen fan de Akte sels lesjouster te wurden by de Afûk.

Lês mear

Al sa’n tsien jier jou ik mei in protte wille les oan ferskillende groepen. Earst joech ik foaral kursussen foar net-Frysktaligen, mar no ek hieltyd mear skriuwkursussen en priveekursussen of kursussen op maat. Ik fyn it wichtich om oan te sluten by de winsken fan de kursisten. Sa moat der bygelyks foar in priveekursus of in kursus op maat nije lessen of aktiviteiten betocht wurde. Dat makket it wurk hiel ôfwikseljend. Fansels is it kontakt mei de kursisten ek hiel aardich. By de kursussen foar net-Frysktaligen wurdt der altyd in protte praat, der ûntsteane soms hiele bysûndere petearen. By de Frysktaligen wurdt der in soad praat oer de taalnoarm en it taaleigen. Mar foar alle groepen jildt dat wy in protte wille hawwe mei-inoar.

De lêste jierren wurkje ik, neist it lesjaan, mei oan ferskillende ûnderwiisprojekten fan de Afûk. Hiel oar wurk, mar ek dêr kin ik in soad kreativiteit yn kwyt. It moaie is dat ik opdrachten en oefeningen dy’t ik dêrfoar betink, fuortendaliks yn de praktyk útprobearje kin by ien fan myn kursusgroepen.

Yn myn frije tiid gean ik faak in ein te rinnen. Dêrneist is lêzen ien fan myn grutte hobbys.


 Wytske Heida Wytske Heida - foto

Ik wenje yn Folsgeare. In soad minsken witte net wêr’t se dat fine moatte… No, it leit in eintsje fan’e A7, tusken Snits en Boalsert yn (ôfslach Nijlân).  Nei ’t ik myn PABO diploma helle ha (doe noch PA) joech ik my op foar de LU-akte Frysk fan de Afûk en helle yn ien jier tiid myn foech. Oanslutend ha ik in pear jier lieding jûn oan ferskate kursussen, meast oan net-Frysktaligen.

Lês mear

Nei in skoft waard de kombinaasje wurk (folsleine baan) en kursus te folle en bin ik opholden mei de kursussen. Letter wurke ik ‘part-time’ en woe ik graach it kursusjaan wer oppakke. Ik ha my meld by de Afûk en sûnt haw ik alle winters in kursus jûn. Der binne al hiel wat net-Frysktaligen oan my foarby kaam. Minsken út alle hoeken fan Nederlân, fan alle leeftiden, dy’t om ferskillende redenen ús moaie taal leare wolle. Tuskentroch, of tagelyk, ha ik ek in pear kear mei in soad nocht in konversaasjekursus Frysk jûn.

Neist it lesjaan foar de Afûk, stean ik yn Harns foar de klasse (‘part-time’). Al in pear jier ha ik no groep 6. It jaan fan muzyklessen fyn ik it aldermoaiste. Fierders stean ik geregeld op de tennisbaan, lûk ik gauris de kuierskuon oan, mei de fotokamera yn ’e oanslach, of piel ik yn’e tún om. Folksdûnsje yn it Frysk kostúm doch ik ek en ik sit yn twa bestjoeren (tennisje / doarpsbelang).

It jaan fan kursussen is prachtich wurk. Je krije mei in grut ferskaat fan minsken te dwaan. It is altyd wer in útdaging om fan sa’n 8 à 10 minsken in groep te meitsjen. Minsken folgje om ferskillende redenen in kursus. Sa wie der ris in kursist dy’t oanjoech dat hy it Frysk ferstean woe om de moppen yn de kroech ferstean te kinnen. Doe’t dat slagge, wie foar him de kursus ek al slagge. Wer in oar docht de kursus om better auto’s ferkeapje te kinnen. Immen oars wurket yn de soarch of moat Fryske les jaan op skoalle. Hjirtroch bliuwt it wurk libben en is it altyd wer in ferrassing hoe’t sa’n winterskoft ferrinne sil.


Els Zijlstra-Zijlstra

Ik bin 54 jier en wenje yn Oerterp. Wy hawwe trije bern en 2 pake- en beppesizzers. Dêr binne wy tige grutsk op. Sûnt septimber 2013 bin ik lesjouwer by de Afûk. Ik hie doe krekt myn bachelor leraar Frysk 2de graad helle. Sadwaande hie ik in brief skreaun nei de Afûk. Lesjaan oan folwoeksenen like my skoan ta. Sokke minsken binne tige motivearre en it is sa oars as lesjaan oan pubers. Al rillegau waard ik útnûge foar in petear en doe koe ik yn oktober 2013 oan ’e slach.

Lês mear

Oant no ta haw ik fjouwer kear de module SkriuwmarFrysk jûn. De lêste groep kursisten ha ik module 1 en 2 jûn. Mei sa’n groep krije jo in moaie relaasje. Tagelyk is it ek spannend, want dy groep sil it eksamen dwaan en jo hoopje fansels dat se slagje. Slagje se allegearre, no dan ha jo it as lesjouwer fansels goed dien!

Ik jou de Fryske lessen mei in soad nocht en wille en yn de lessen wurdt altyd in soad lake. Der wie ris in kursist dy’t altyd it wurdboek meinaam. En at hy twivele oan it goeie antwurd, of oan myn útlis, sei er: “Ik sil ris even sjen oft de juffer gelyk hat.”

Els Zijlstra

 

 

 


Gea KooijengaGea Kooijenga - foto

Myn namme is Gea Kooijenga en ik bin sûnt 2011 lesjouwer by de Afûk. Ik ha oant no ta hieltiten de begjinnerskursus foar net-Frysktaligen jûn en kin op ’e fyts hinne. Ik fyn it in ferriking om oan folwoeksenen, dy’t op eigen inisjatyf meidogge, it Frysk te learen. It giet dan benammen om de saneamde passive behearsking, nammentlik: ferstean en lêze.

Lês mear

Ik bin foarstanner fan it ûnderdompeljen en kin út ûnderfining de kursisten goed stypje as hja harren yn it earstoan oerfallen fiele troch dy nije, frjemde taal. Troch myn 2e graad learareoplieding Frysk wit ik hoe’t minsken harren in taal eigen meitsje. It is prachtich om te sjen dat yn it koarte skoft fan tsien lessen it selsbetrouwen fan de kursisten mei sprongen foarút giet en dat se yndie yn de praktyk hieltiten mear Frysk werkenne. It hat in sniebaleffekt, dat trochgiet nei ôfrin fan de lessen.

Ik genietsje as my krityske fragen steld wurde, bygelyks om’t minsken besykje logika te ûntdekken yn ús taal en faak de fergeliking meitsje mei it Nederlânsk. It hâldt my skerp en ik krij der in soad enerzjy fan. Ik fyn it wichtich dat eltse kursist leart, nei eigen kinnen en ynteresse. Boppedat is it myn oertsjûging dat, as de sfear goed is, it learen fansels komt. Myn grutste kompliment is dan ek dat minsken my entûsjast fine; dêr’t it hert fol fan is, dêr rint de mûle fan oer. Frysk is in út de hân rûne hobby, dêr’t ik myn wurk fan meitsje, yn de meast brede sin.


Gerrit van der Meer

Ik bin lesjouwer wurden yn febrewaris 2015, nei it folgjen fan fjouwer Afûk-kursussen (B, C, Akte en didaktysk foech). It wie fan begjin ôf myn doel lesjouwer te wurden, omdat ik niget haw oan it Frysk, graach mei minsken wurkje, argewaasje ha fan it achterútfleanen fan de kwaliteit fan it sprutsen en it skreaune Frysk, én omdat it lesjaan by de Afûk yn prinsipe mei oant myn 75e jier. Sa bliuw ik ek nei myn offisjele pensjoen noch warber (ik rin nei de sechtich).

Lês mear

It lesjaan is foar my foarearst in bybaantsje fan in pear oeren wyks. Ik bin ek wurksum as sjoernalist by wykblêd ‘Actief’ yn de Fryske Wâlden en ik bin beliedsmeiwurker fan de steatefraksje fan GrienLinks.

Oant no ta haw ik ien kursus jûn (SkriuwmarFrysk 1), mar yn begjinsel wol ik alle kursussen wol jaan. In aardich aspekt fan SkriuwmarFrysk is dat ik de kursisten út en troch in soarte fan frije skriuwopdracht jou, sadat sy harren kreativiteit en fantasij oansprekke moatte. Dan komme der somtiden ferrassende stikjes tekst boppe, soms hiel koartswilich (humoristysk).