It skoaleksamen is ít eksamen Frysk foar de heechste groep(en) fan de basisskoalle. It eksamen wurdt op twa nivo’s ôfnommen: nivo A en nivo B. Nivo A is foar skoallen dy’t har allinnich rjochtsje op ferstean en lêzen. Nivo B is foar skoallen dy’t ek wat oan skriuwfeardichheid dogge. Dêr sit dus ek in lyts diktee by. Skoallen kinne ek oan beide nivo’s meidwaan: de iene groep docht dan nivo A en de oare nivo B.

Alle learlingen dy’t oan it eksamen meidogge krije in moai diploma. It eksamen wurdt in wike lang útstjoerd fia ynternet (tsjek.nl) en is dus net oan ien dei bûn. Belangstelling? Besjoch mar ris oft it foar jim skoalle miskien ek aardich is om in kear mei te dwaan. Opjaan giet fia Cedin.

Alle basisskoallen krije begjin april in formulier tastjoerd wêrmei’t se har opjaan kinne. Meidwaan oan it eksamen is fergees. Skoallen dy’t har opjouwe krije fan de Afûk it eksamenwurk mei de antwurden tastjoerd. Skoallen sjogge it wurk sels nei oan ’e hân fan in korreksjemodel dat se ek tastjoerd krije. Alle fragen – sawol by nivo A as by nivo B – binne mearkarfragen.

Tiid: 17 o/m 27 maaie 2016.

Mear witte? Stjoer in mail nei Siegbert de Jong fan de eksamenorganisaasje.Om alfêst te oefenjen!

Eksamen: Eksamen 2015 (nivo A en B)

Diktee: Diktee by it skoaleksamen 2015

Antwurden: Skoaleksamen 2015 Antwurden

It audio-eksamen (nivo A) stiet op: Skoaltv – Omrop Fryslân