Workshop Frysk Skriuwen

Kursusjild: € 20,00

per dielnimmer

Doer: 2,5 oere

ynklusyf lesmateriaal

Foar redaksjeleden fan doarpskranten, doarpswebsiden

In middei of jûn ynspiraasje opdwaan oer en foar it brûken fan it Frysk.

Skriuwe jo wolris yn it Frysk mar kin de stavering better? Of wolle jo graach yn ‘e kunde komme mei it skriuwen fan de Fryske taal? Jou jo dan op foar dizze workshop. It programma bestiet út it oefenjen fan it skriuwen en der komme fragen foarby as ‘wannear brûke jo no de ‘f’ of de ‘v’? En wat is de taalregel by ‘û’en ‘oe’? Oan ’e hân fan in kwis wurdt op allerhande fragen antwurd jûn. It is in tige nijsgjirrige middei of jûn, foar elkenien dy’t ynteressearre is yn de Fryske taal. Dielnimmers geane nei ôfrin mei in protte tips wer op hûs oan.

 Underdielen fan de workshop binne: de staveringswizigingen (fan 2015); in diktee; in tekst skriuwe; taaleigen; sprekwurden; kwis en tips.

Doer: 2,5 oere, maksimaal 3 oeren.

 

Wannear? Wêr? Hoe let? 

Binne der yn jo doarp sa’n 8 minsken dy’t belangstelling hawwe foar in workshop? Of soenen wy in oprop dwaan kinne yn jo doarpskrante? Lit it ús witte.

Hjirûnder steane de stappen foar it hâlden fan in workshop op lokaasje.

Praktyske ynformaasje foar in workshop Frysk yn jo doarp

Stappen foar de organisaasje 

 

  1. Datum en dosint

Wannear soene jimme de workshop of kursus hâlde wolle? Ynformearje nei en ynventarisearje de bêste dei en tiid. (moarns/middeis/jûns)

Dêrnei benaderet de Afûk de dosint om de workshop te fersoargjen en stimme wy de definitive datum ôf. In workshop duorret meastentiids 2,5 oere, as foarbyld: 19.30 – 22.00 oere.

 

  1. Dielnimmers, ynskriuwen, eduFrysk en útnûging

Graach ûntfangt de Afûk de nammen en kontaktgegevens (+ e-mailadres) fan de dielnimmers. Kursisten ûntfange in jierabonnemint op eduFrysk, it digitale learplatfoarm foar it Frysk. Dêrneist ûntfange de dielnimmers foar oanfang mei in e-mail de útnûging.

 

  1. Machtiging workshop

Oer it beteljen fan de workshop it folgjende: dielnimmers hoege fan tefoaren gjin learmiddels te keapjen of te bestellen. It lespakket wurdt op de workshop útrikt troch de lesjouwer.

 

  1. Lokaasje

Wêr wolle jimme de workshop hâlde? By immen thús of yn it doarpshûs, of oars? Stim (as mooglik) ôf wêr’t de workshop hâlden wurde sil.

 

Wy hoopje dat mei boppesteande in tal praktyske saken dúdlik útlein binne. Fragen? Nim dan foaral kontakt mei ús op, tel.nr. 058 – 234 30 79, of e-mail.

Binne der sa’n 8 dielnimmers foar in workshop? Stjoer dan in oanmeldingsberjocht nei: kursus@afuk.nl 

It kursusprogramma 2017-2018 stiet folslein op dizze webside, of download ûnderoan de kursusbrosjuere.