Tal lessen: 10

Kursusjild: € 115,00
ynklusyf lesmateriaal

Foar wa is dizze kursus?

Hawwe jo de kursus SkriuwmarFrysk (module 1 en/of 2) folge of miskien al earder Leargong A? Dan is dizze kursus in goed ferfolch.

Wat kinne jo ferwachtsje fan de kursus Frysk & Fryslân?

Jo hawwe aardichheid oan taaleigen, literatuer en skiednis? Dan biedt dizze nije kursus jo mear ferdjipping. De klam leit op it goed en linich brûken fan skriftlik Frysk, mar der is ek in soad omtinken foar boeken, skiednis, toaniel en film.

Frysk & Fryslân 1

Frysk & Fryslân-module 1 is bedoeld foar kursisten dy’t it Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe kinne en foar wa’t wat mear witte wol oer de Fryske taal en kultuer. De kursus fan tsien lessen jout net allinne omtinken oan de werhelling fan de stavering en de staveringsregels, mar ek oan taaleigen en ynterferinsjes. Tagelyk komt tematysk in grut ferskaat oan aspekten fan de Fryske taal en kultuer oan ‘e oarder. Dêr heart in earste oriïntaasje op de Fryske skiednis en de Fryske literatuer by. Fan de kursisten wurdt in aktive opstelling en ynbring ferwachte, om’t it hieltyd de bedoeling is dat kursisten sels op ‘e sneup geane en de tema’s sa fierder foarm jouwe. De lessen binne om ‘e wike (ien kear yn ‘e fjirtjin dagen). Dat jout tiid en gelegenheid om it learde te ferwurkjen en om oan de tema’s te wurkjen.

Frysk & Fryslân 2

Frysk & Fryslân-module 2 is bedoeld foar kursisten dy’t Frysk & Fryslân-module 1 folge hawwe, of kursisten dy’t datselde nivo hawwe. Dizze kursus fan tsien lessen jout op ‘en nij omtinken oan de Fryske taal en kultuer. Fan de stavering en de staveringsregels, mar ek fan taaleigen en ynterferinsjes wurdt dat oanbean wat noch net of noch net genôch oan ‘e oarder west hat. Module 2 is eins in prachtige kursus foar kursisten dy’t gewoan alles fan ‘e taal witte wolle. De aspekten fan de Fryske taal en kultuer geane benammen oer de Fryske skiednis en de Fryske literatuer. Nei in earste oariïntaasje yn Frysk & Fryslân-module 1 wurdt no ynformaasje oanbean om sa in aardich goed byld te krijen fan dy Fryske skiednis en dy Fryske literatuer. De lessen om ‘e wike (ien kear yn ‘e fjirtjin dagen). Dat jout tiid en gelegenheid om it learde te ferwurkjen en om alles goed te bestudearjen.

Programma

De groepskursus bestiet út twa modulen, module 1 en module 2, mei elk 10 lessen. In les duorret twa oeren, meastentiids fan 19.30 oere oant 21.30 oere. Tuskentroch krije jo thúsopdrachten. De dei dat jo úteinsette is jo fêste kursusjûn, mei útsûndering fan de skoallefakânsjes. Yn kear yn de fjirtjin dagen is der les.

Start oktober 2017

nim as winsklik kontakt op mei de Afûk: tel. 058-2343079 of e-mail

Frysk & Fryslân – module 1

Plak  Kursusdei  Startdatum Tiid  
Ljouwert tiisdei 3 oktober 2017 19.30 – 21.30 oere

Frysk & Fryslân – module 2

Plak  Kursusdei  Startdatum Tiid  
Ljouwert tiisdei 3 oktober 2017 19.30 – 21.30 oere