Kursus foar Frysktaligen

Tal lessen: 3

Kursusjild: € 65,00

ynklusyf lesmateriaal

Is it ‘útnûging’ of ‘útnoeging?’ Is it ‘Wy geane te fiskjen’ en Wy bliuwe te teedrinken’? En hoe sit dat ek al wer mei dy tiidwurden? Kloppet de sin ‘Ik haw him rinnen sjoen?’

Op dy fragen wurdt antwurd jûn yn de OpFryskkursus. Jo leare yn trije lessen de nije staveringsregels dy’t sûnt 2015 fan krêft binne. Jo kinne sels ek fragen stelle oer lesstof dy’t jo eartiids leard hawwe, mar dêr’t jo net mear krekt fan witte hoe’t jo dy tapasse moatte.

It is in tige nijsgjirrige koarte kursus foar wa’t earder Frysk skriuwen leard hat, mei de eardere leargong A of SkriuwmarFrysk module 1 en 2.

Programmaskriuw3

It programma bestiet út trije lessen yn groepsferbân fan 19.30 oant 21.30 oere. De lessen binne wykliks, 3 kear efter mekoar.

Wolle jo de kursus yn jo doarp hâlde? ynformearje dan nei de mooglijkheden en nim kontakt op: kursus@afuk.nl.

Mei in groepke fan 8 dielnimmers kin de kursus organisearre wurde.

De data fan in sintrale groepskursus binne op dit stuit net bekend.