Kursus foar Frysktaligen

Tal lessen: 3

Kursusjild: € 65,00

ynklusyf lesmateriaal

Is it ‘útnûging’ of ‘útnoeging?’ Is it ‘Wy geane te fiskjen’ en Wy bliuwe te teedrinken’? En hoe sit dat ek al wer mei dy tiidwurden? Kloppet de sin ‘Ik haw him rinnen sjoen?’

Op dy fragen wurdt antwurd jûn yn de Opfryskkursus. Jo leare yn trije lessen de nije staveringsregels dy’t sûnt 2015 fan krêft binne. Jo kinne sels ek fragen stelle oer lesstof dy’t jo eartiids leard hawwe, mar dêr’t jo net mear krekt fan witte hoe’t jo dy tapasse moatte.

It is in tige nijsgjirrige koarte kursus foar wa’t earder Frysk skriuwen leard hat, mei de eardere leargong A of SkriuwmarFrysk module 1 en 2.

Programmaskriuw3

It programma bestiet út trije lessen yn groepsferbân fan 19.30 oant 21.30 oere. De lessen binne wykliks, 3 kear efter mekoar.

Hjirûnder fine jo de lokaasjes en startdata, en kinne jo jo ynskriuwe foar de Opfryskkursus.

 

Start oktober en novimber 2017 

Plak Kursusdei  Startdatum Tiid Ynskriuwen 
Ljouwert tiisdei 3 oktober 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
Drachten moandei 2 oktober 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
Hearrenfean tiisdei 31 oktober 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
Snits woansdei 1 novimber 19:30 – 21.30  Ynskriuwe

Kursusdata: 

Ljouwert: 3, 10 en 17 oktober 2017.

Drachten: 2, 9 en 16 oktober 2017.

Hearrenfean: 31 oktober, 7 en 14 novimber 2017.

Snits: 1, 8 en 15 novimber 2017.