Kursus foar Frysktaligen

Taalreis troch Europa – 1 jierabonnemint foar € 25,00

Jo hawwe gjin tiid om in mûnlinge kursus te folgjen? Folgje foar it skriuwen fan it Frysk no de online ‘Taalreis troch Europa’!

Jo leare yn elk lân nije taalregels en wurkje oan jo wurdskat. De reis biedt jo filmkes mei útlis, presintaasjes en oefeningen om josels te testen. De oefeningen wurde automatysk neisjoen troch it programma en jo krije fuort feedback.

Foar wa is de Taalreis troch Europa?

De Taalreis troch Europa is geskikt foar eltsenien dy’t graach de Fryske stavering en grammatika yn ’e macht krije wol. It is dêrom wichtich dat jo it Frysk al ferstean en lêze kinne.

Wolle jo mear ynformaasje?

Yn de taheakke fine jo wiidweidige ynformaasje oer de Taalreis.

Kosten
Jo kinne in abonnemint op de ‘Taalreis troch Europa’ nimme foar € 25,00! It abonnemint rint nei in jier ôf, dêrnei kinne jo der foar kieze om opnij in abonnemint te nimmen.

Binne jo klear foar in taalaventoer?

Doch dan de Taalreis troch Europa; in reis om nea te ferjitten! Jou jo op troch in mail te stjoeren nei: l.kuiper@afuk.nl of belje 058-234 30 79.

Foar oanmelden/ynskriuwen: fermeld yn de e-mail jo namme, adres, postkoade en wenplak, telefoannr. en e-mailadres.

taalreis