Kursus foar Frysktaligen

Tal lessen: 10

Kursusjild: € 110,00
ynklusyf kursusboeken

Foar wa is dizze kursus?

Frysk skriuwen is net sa dreech as faak tocht wurdt. Jo witte grif mear as jo tinke. Dat sille jo learenderwei ek fernimme. Dizze kursus is geskikt foar wa’t it Frysk al ferstean en lêze kin en no ek it Frysk skriuwe yn ‘e macht krije wol.

Wat kinne jo ferwachtsje fan SkriuwmarFrysk – module 1?

Yn de earste module fan dizze skriuwkursus wurdt gebrûk makke fan twa boeken. In lesboek mei oefeningen en in boek mei in oersjoch fan de wichtichste regels fan de stavering en de tiidwurden.

De kursus basearret him op twa didaktyske útgongspunten: it ferstevigjen fan it wurdbyld fan it Frysk en it oanlearen fan de regels foar safier’t dat nedich is om grip te krijen op de stavering. Sa komme bygelyks de folgjende ûnderwerpen oan ’e oarder: g/ch, y/ii/i/ie, dakjes/kapkes, û/oe, twa en trijelûden, regelmjittige- en ûnregelmjittige tiidwurden en skrapkes. Nei ôfrin fan de kursus kinne jo Fryske berjochten skriuwe.

eduFrysk

De lessen út it lesboek  binne ek te finen op eduFrysk.  EduFrysk is it digitale learplatfoarm foar de Fryske taal. Jo fine hjir ynsprutsen teksten, muzyk en byldfragminten mei Fryske ûndertiteling. Jo binne sa altyd dwaande mei it kombinearen fan lústerjen en lêzen, wat foar in goed wurdbyld soarget. Jo kinne it skriuwen ek leare troch it meitsjen fan diktees dy’t fuort neisjoen wurde. Jo krije by de kursus fergees 1 jierabonnemint op eduFrysk.

Programma 

De kursus bestiet út 10 lessen yn groepsferbân. De dei dat jo úteinsette is jo wyklikse kursusjûn, mei útsûndering fan de skoallefakânsjes. Hjirûnder kinne jo jo ynskriuwe.

Start oktober 2017:

nim as winsklik kontakt op mei de Afûk: tel. 058-2343079 of e-mail

Plak Kursusdei  Startdatum Tiid  
Hearrenfean tiisdei 3 oktober 19.30 – 21.30
Dokkum moandei 2 oktober 19.30 – 21.30
Drachten moandei 2 oktober 19.30 – 21.30
 Snits  woansdei  4 oktober  19.30 – 21.30
Ljouwert moandei 2 oktober 19.30 – 21.30
Achlum tongersdei 5 oktober 19.30 – 21.30

Start febrewaris 2018:

Plak Kursusdei  Startdatum Tiid Ynskriuwen 
Drachten woansdei 7 febrewaris 19.30 – 21.30  Ynskriuwe
Hearrenfean tiisdei 6 febrewaris 19.30 – 21.30  Ynskriuwe
Ljouwert tiisdei 6 febrewaris 19.30 – 21.30  Ynskriuwe
Snits moandei 5 febrewaris 19.30 – 21.30  Ynskriuwe

 

In kursus Frysk yn jo doarp? 

Op oanfraach kin in kursus op in oar momint of op in oare lokaasje organisearre wurde, bygelyks by jo yn ‘t doarp. It minimale oantal dielnimmers foar in kursus is 8. Wy oerlizze graach oer de mooglikheden. Jo kinne ek kieze foar in koarte kursus skriuwen of in workshop fan 2,5/3 oeren.

Wolle jo fierder?

Module 1 is it earste diel fan de eardere ‘leargong A’. Jo kinne der foar kieze om it by dy 10 lessen te litten, mar jo kinne ek trochgean mei de twadde helte fan de kursus: ‘SkriuwmarFrysk – module 2′. Nei it folgjen fan module 1 en 2 fan SkriuwmarFrysk kinne jo meidwaan oan it Fryslân A-eksamen.

 

Foarbyld haadstik basisboek SkriuwmarFrysk – module 1