Tal lessen: 10

per 1-1-2019: € 117,00
ynklusyf kursusboeken en btw

Foar wa is dizze kursus?

As jo module 1 fan de kursus SkriuwmarFrysk folge hawwe, of ridlik Frysk skriuwen leard hawwe , dan is dizze kursus tige geskikt foar jo.

Wat kinne jo ferwachtsje fan SkriuwmarFrysk – module 2?

By dizze module geane wy der fan út dat jo de stavering al aardich yn ’e macht hawwe en jo graach de puntsjes op de i sette wolle. Krekt as yn de earste module binne der wer twa boeken. It lesboek jout de struktuer oan en biedt in ferskaat oan teksten en oefeningen. De antwurden fan de oefeningen steane achter yn it boek. Yn it boekje ‘Oersjoch regels’ fine jo de útlis fan de wichtichste grammatika, de betsjutting fan de drege wurden en in list mei hûndert frekwinte tiidwurden.

By SkriuwmarFrysk – module 2 komme bygelyks de folgjende ûnderwerpen oan ’e oarder:  folchoarder fan de tiidwurden, meartal en ferlytsing, doelfoarm, persoanlike en besitlike foarnamwurden, lidwurden en eigenskipswurden.

eduFrysk

De lessen út it lesboek binne ek te finen op eduFrysk.  EduFrysk is it digitale learplatfoarm fan de Afûk. Jo fine hjir ynsprutsen teksten, muzyk en byldfragminten mei Fryske ûndertiteling. Jo binne dus altyd dwaande mei it kombinearen fan lústerje en lêze wat foar in goed wurdbyld soarget. Jo kinne it skriuwen ek leare troch it meitsjen fan diktees dy’t fuort neisjoen wurde. Mocht it diktee net goed gean, dan wurdt jo útlein wat de regels binne. Jo krije by de kursus ien jier fergees tagong ta eduFrysk.

Programma 

It kursusseizoen hat twa startmominten, oktober en febrewaris. De kursus bestiet út 10 lessen (1 les duorret 2 oeren) yn groepsferbân, mei thúsopdrachten. De dei dat jo úteinsette is jo wyklikse kursusjûn, mei útsûndering fan de skoallefakânsjes. Nei ôfrin fan dizze kursus hawwe jo it folsleine programma fan de eardere ‘leargong A’ folge. Jo kinne dan meidwaan oan it Fryslân A-eksamen.

It programma foar nei de simmer, seizoen 2019-2020 is iepensteld foar ynskriuwen.

SkriuwmarFrysk – module 2, ferfolchkursus  (!)

Programma oktober – desimber 2019

Plak Kursusdei  Startdatum Tiid Ynskriuwen 
Drachten tiisdei  1 oktober 19.30 – 21.30  Ynskriuwe
Frjentsjer moandei  30 septimber 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
Hearrenfean moandei  30 septimber 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
Ljouwert woansdei  2 oktober 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
Snits tiisdei  1 oktober 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
St. Nyk tiisdei  1 oktober 19:30 – 21.30  Ynskriuwe

Programma febrewaris – april 2020

Plak Kursusdei  Startdatum Tiid Ynskriuwen 
Drachten tiisdei  28 jannewaris 19.30 – 21.30  Ynskriuwe
Hearrenfean moandei  27 jannewaris 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
Ljouwert tiisdei  28 jannewaris 19:30 – 21.30  Ynskriuwe
Snits woansdei  29 jannewaris 19:30 – 21.30  Ynskriuwe

Fanwegen de mooglikheid om diel te nimmen oan it Fryslân A-eksamen yn april (neist jannewaris) begjinne de ferfolchmodules ein jannewaris 2020 mei de earste les.

Nim as winsklik kontakt op mei de Afûk: tel. 058-2343079 of e-mail

De kursusorganisaasje is net berikber fan 15 july o/m 2 augustus. Fan moandei 5 augustus ôf kinne jo wer kontakt mei ús opnimme. 

 Foarbyld haadstik basisboek SkriuwmarFrysk – module 2