Kursus foar Frysktaligen

Online Frysk skriuwen leare mei eduFrysk foar € 25,00

of kies foar

Kursusboeken en eduFrysk

 Foar wa is de selsstúdzje Frysk skriuwen?

Wannear’t jo net yn ’e gelegenheid binne om in kursus yn groepsferbân te folgjen, bestiet ek de mooglikheid om in selsstúdzje kursus te dwaan. Jo kinne dan begjinne wannear’t it útkomt en de lessen kinne yn eigen tempo útwurke wurde. Mei help fan de antwurden efter yn it boek kinne jo sels de lessen neisjen. Der mei maksimaal ien jier oer de kursus dien wurde.

 Opsjes selsstúdzje

Der binne twa selsstúdzjemooglikheden de kursus gearstald. Jo kinne derfoar kieze om online it Frysk skriuwen te learen. Dat bart mei eduFrysk, it digitale learplatfoarm foar de Fryske taal. Mar it is ek mooglik om oan ’e slach te gean mei kursusboeken én eduFrysk.

EduFrysk, it online learplatfoarm foar de Fryske taal, biedt jo de mooglikheid om selsstannich mei help fan ynternet te learen. Jo fine op eduFrysk it lesmateriaal fan de kursus en dêrneist tûzenen teksten, ferskes, fideo’s, ynteraktive oefeningen en edukative games wêrmei’t jo Frysk leare. Dêrneist kinne jo it skriuwen leare troch it meitsjen fan diktees. De makke diktees wurde fuortendaliks troch it systeem neisjoen.

Kar 1: Selsstúdzje SkriuwmarFrysk mei eduFrysk

1 jierabonnemint kostet € 25,00 (ienmalich bedrach foar ien jier).

Kar 2: Selsstúdzje SkriuwmarFrysk mei lesboeken en eduFrysk

Kursusboeken:

Lesboek SkriuwmarFrysk – module 1
It boek oersjoch regels by SkriuwmarFrysk – module 1
It boek ‘Tiidwurden’ fergees/gratis

Priis 2016-2017:

Kursusboeken                   € 26,00
eduFrysk                           € 25,00

Totaalbedrach kursus: € 51,00 + € 3,75 ferstjoerskosten: € 54,75.


Nei it folgjen fan de selsstúdzje kursus mei de lesboeken fan module 1 kinne jo jo ynskriuwe foar de ferfolchmodule mei SkriuwmarFrysk – module 2.

Kar 3: Selsstúdzje SkriuwmarFrysk – module 2 , ferfolchkursus mei eduFrysk 

1 jierabonnemint kostet  € 25,00. Ferlinging fan it abonnemint Selsstúdzje Frysk Skriuwen mei eduFrysk.

Kar 4: Selsstúdzje SkriuwmarFrysk – module 2, ferfolchkursus mei lesboeken en eduFrysk

Kursusboeken: 

Lesboek SkriuwmarFrysk – module 2
It boek Oersjoch regels

Priis 2016-2017:

Kursusboeken                    € 27,00
eduFrysk                            € 25,00

Totaalbedrach kursus: € 52,00 + € 3,75 ferstjoerskosten: € 55,75.

 

schrijf2

  Oanmelde of fragen?

Wolle jo meidwaan oan ien fan de selsstúdzjes, stjoer dan in mail nei l.kuiper@afuk.nl mei de folgjende gegevens:

 

Namme:

Adres:

Postkoade + Wenplak:

mailadres:

Telefoannûmer:

Kar 1, 2, 3 of 4: (jo kar oanjaan yn de e-mail, ynklusyf ûnderwerp: Selsstúdzje SkriuwmarFrysk)

Fragen?

Stjoer in mail nei l.kuiper@afuk.nl